Jacob Binckes

Jacob Binckes (skilderij fan Nicolaes Maes)

Jacob Binckes ek: Benckes, (Koudum, 1637Tobago (Nij-Walcheren), 12 desimber 1677) wie in Nederlânske kommandeur dy't in wichtige rol spile yn de skiednis fan New York. Yn 1673 ferovere er fannijs Nij-Amsterdam (New York) op de Ingelsken yn de mande mei in Siuwske amtgenoat. Hy ferstoar op it Karibyske eilân Tobago doe't syn fort oerfallen waard troch de Frânsen yn de Twadde Slach by Tobago.

It offisjele kommando fan de slach om New York lei yn hannen fan de Siuw Cornelis Everts de Jongere, mar feitlik wie de rol fan Jacob Binckes like grut. De twa hienen harren floaten byinoar foege en fierden om bar it kommando. Binckes makke nei de oermastering koarte tiid diel út fan it bestjoer fan de stêd, dat doe noch Nij Oranje hite. Nei in jier, by de Frede fan Westminster krige de Ingelsken New York al wer tebek. Yn ruil ûntfongen de Nederlanners Suriname.

Jacob Benckes hearde ta de saneamde "gouden generaasje" fan marine offisieren, syn karriêre wie yn de tiid fan bekende admiraals as Michiel de Ruyter en Cornelis Tromp. Hy wie belutsen by de ferneamde Tocht nei Chattam yn 1667, doe't de Teems en de Medway opfard waard en de Ingelske skippen ferneatige waarden.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search